top of page
Zoeken
  • Foto van schrijverZUCO

Suvelkooperaasje ZUCO Dokkum hat Iepen hus mei priuwerij op 2 febrewaris

Bijgewerkt op: 12 feb. 2019

Mei in knypeach nei it ferline, begjinne Sander Wijnstra, Wiebe, de Jong en Hessel Jan Sinnige fanût harren eigen undernimmingen in Suvelkoöperaasje yn Dokkum.

Nei in tiid fan tariedings en kursussen is it op 2 febrewaris tiid om de doarren te iepenjen foar publyk, en dat sil net ûnbemurken barre. It wurdt in wier iepen hûs mei gastsprekker Reitse Spanninga. 'Priuwe mei Reitse' pronket op 'e gevel.

Zuco ferwurket ambachtlik, lytsskalich, deifarske molke ta autentike suvel mei in wiere identiteit. De produkten dy't jo aanst yn de winkel krije kinne, binne: rjemme-iis, molke, sûpe, âlderwetske giele fla, bûter, yochert ensafierhinne.

Sander wie earder kok, Wiebe patissier en Hessel Jan agrarysk ûndernimmer. Suver krekt werom fan in 'iis-universiteit' by Carpigiany yn Itaalje: 'Alle puzelstikjes foelen op syn plak, hoe fierder wy ús idee úttochten' sa seit Wiebe dy't nocht hat om aanst eltse moarn ier en betiid de produksje op te starten. De trije leden fan de koöperaasje slute presys op elkoar oan en fersterkje elkoar fan harren eigen fakgebiet út.

Sander en Wiebe sille tegearre de produksje op har nimme, Hessel Jan is foar de molke-oanfier en de organisaasje dêromhinne. 'As agrarysk ûndernimmer ha ik goede kontakten yn it agraryske en dat is foar ZUCO tige wichtich.'

Op sneon 2 febrewaris fan 10.00 oere ôf oant 16.00 oere binne jo yn it iepen hûs fan herte wolkom om te sjen en te priuwen fan de produkten fan de suvelmakkerij yn it autentike stedspân (de Dijk 2) yn it hert fan Dokkum. De trije mânlju en Reitse Spanninga hjitte jo fan herte wolkom op 'de Zijl' yn Dokkum.

71 weergaven0 opmerkingen

Recente blogposts

Alles weergeven
bottom of page